Wyn op Woansdei: Nei de brêgeklasse

03 Septimber 2003

Programmamakker Annet Huisman folge Grietje Sybesma fan De Hommerts de trije earste skoaldagen mei in lytse kamera. Se giet op de fyts, mei fiif klasgenoatsjes, nei de HAVO/VWO brêgeklasse fan it Bogerman yn Snits. Grietje hat der sin oan en liket der ek oan ta te wêzen, mar dat nimt net wei dat it allegearre dochs spannend en nij is. Mentorles, wiskunde, Dútsk, lange dagen en in tas dy't fan de fyts falt.