Wyn op Woansdei: Lichtpunt

01 Desimber 2004

Programmamakker Gerard van der Veer sjocht by it 'Lichtpunt' yn Kollumersweach. Dêr wurdt jierliks in heal miljoen euro fertsjinne mei de hannel yn twaddehânsguod. Al dat jild wurdt stutsen yn de eigen krisisopfang foar lju dy't ferslave binne, dakleazen en oare minsken dy't it spoar bjuster binne. Dêrnjonken organisearret it Lichtpunt ek gesellichheidsjûnen foar minsken allinne. Gerard van der Veer folget en praat in pear wiken mei de bewenners, it personiel en de frijwilligers fan it Lichtpunt. Alles stiet dêrby yn it ramt fan de iepening fan de nije moetingsromte, dêr't de Sing-In's en de bingojûnen hâlden wurde sille.