Wyn op Woansdei: Hepie en Hepie

25 Febrewaris 2004

Programmamakker Gerard van der Veer folget it yllústere duo Hepie en Hepie, dat 20 jier nei "Ik lig op mijn kussen stil te dromen" en oare grutte suksessen dit jier in comeback hopet te meitsjen. De twa Hepies út De Westereen en Twizelerheide trede sûnt koart wer op en binne ek de studio yndûkt. Hoe dreech is it om op 'e nij ta te slaan? Hepie en Hepie meie optrede yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam foar 10.000 man. De druk wurdt hieltyd grutter as bliken docht dat it dreech is in nije hit te skriuwen. Boppedat hymje ferslachjouwers fan roddelblêden de beide froulju al wer yn 'e nekke om yn harren priveelibben te dûken.