Wyn op woansdei: Garyp

02 April 2003

Programmamakker Annet Huisman is yn Garyp. Yn âldjiersnacht rûn it yn ferskate doarpen - Garyp, Aldwâld en Nijhoarne - út 'e hân: brannen en brantsjes en ferset tsjin plysje en brânwacht. De plysje pakte in protte jonges op en hâlde se dagen fêst. It optreden fan de plysje wurdt troch de âlden bekritisearre yn ynstjoerde brieven yn de kranten. Parse-offisier fan justysje Oebele Brouwer reagearret yn de media mei it stânpunt dat der wat mis is mei it noarmbesef fan de jongerein op it plattelân. Annet Huisman leit yn Garyp dizze fraach foar oan minsken op strjitte, ien fan de âlden, en oan de jonges dy't oppakt binne: hoe slim wie it no? De jonges ha sels it inisjatyf nommen om mei doarpsbelang en oare ynstânsjes te praten oer wat der fout gong en hoe't it tenei better kin.