Wyn op woansdei: Betheltsjerke

04 Septimber 2002

Programmamakker Annet Huisman wol witte wat it geheim is fan de Frije Baptisten dy't sneins manmachtich nei de Betheltsjerke yn Drachten komme. It is sa drok dat der ferkearsregelers binne om minsken nei in parkearplak te bringen. Yn de hiele grutte seal kin Annet mar amper noch in plakje fine. Se makket de tsjinst mei, mei gospelmuzyk en de dûmny Orlando Bottenbley. Fierder praat se mei trije gemeenteleden oer har leauwe: Sjoerd Heidbuurt, Anne Josien Rietberg en Peter Maassen.