Wurktiid TV: Waskerij De Blinde op It Hearrenfean

08 Jannewaris 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk fan de Arbeidsynspeksje, we sjogge by waskerij De Blinde op It Hearrenfean. Michiel Eebes fertelt dat de ynspeksje net inkeld ûndersyk docht by ûngelokken mar benammen sjocht nei de previnsje en wurkomstannichheden. Direkteur Frits Visser fan Business Communications yn Snits makket periodiken en begjint mei in oplieding foar grafisy. En presintatrise Johanna Wijma siket wurk yn it ûnderwiis en we sjogge werom op de eardere fakatueres yn it programma, de helte is mei help fan Wurktiid ynfolle.