Wurktiid TV: Stoart op It Hearrenfean

09 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it ôffalstoart De Wierde op It Hearrenfean. Se ferwurkje in soad smoargens fan húshâldingen en bedriuwen. Alles wat ferbaarnd wurde kin, giet nei Wijster. By boubedriuw Boerstra op De Gordyk sykje se nij personiel. Bêste kollega is Durk de Vries, hy wurket al 25 jier by Philips Drachten. En twa minsken dogge op it Gordykster arbeidsburo in oprop foar wurk.