Wurktiid TV: De boer is troef

01 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it spultsje 'De boer is troef', dat twa boerinnen, Wikje van der Veen en Janny Cnossen, betocht ha om it imago fan de boer te ferbetterjen. It spul is in krusing tusken Triviant en Ganzenbord.