Wurktiid TV: ALNN: agrarysk laboratoarium

07 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer ALNN, it agrarysk laboratoarium yn Drachten. Fjouwer mannen binne dat lab begûn dat kuil fan boeren ûndersiket op ferskate wearden. J. Swart en P. Dijkstra fan ALNN fertelle hoe't it wurket. Meunsternimmer J. de Jong lit sjen hoe't er in meunster by boer J. Kalma yn Jellum nimt út de kuilbulte. We sjogge ek by Kalma op de pleats mei kij.