Tritigers 0104: Tiid

26 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fjirde diel giet it oer tiid, elkenien hat it drok, in hel-en bringservice fan bern yn Stynsgea bringt útkomst en ek in hûne-útlitservice docht dat. De reportaazje giet oer Edmée Nijssen, se hâldt fan natuer en hat in moai plak yn Ketlik.