Sybe Satellyt 0509

30 Maaie 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe hat in soad post krigen nei de dea fan syn hûn Sjef. Sake Roodbergen fertelt oer woartelstokken dy't by it hekkeljen fan de sleat loskaam binne. Fierder sjocht Sybe yn Warkum by skipswerf De Hoop dêr't skipsbouwer Roelof van der Werff oer de skippen fertelt. En op de seedyk fertelt Albert Ferwerda oer it bûtendykse lân. Gerrit Breteler lêst foar út de bernemusical dy't er skreaun hat.