Sybe Satellyt 0508

18 April 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe syn hûn, Sjef, is dea. It bist is 13 jier wurden. Hy hie in tumor yn de lever en dêr koe neat mear oan dien wurde. Sybe sjocht werom op de jierren mei Sjef. Ek praat er mei de bistedokter en sjocht er by bistebegraafplak yn Eastermar en in krematoarium foar bisten yn Drachtster Kompenije.