Sybe over the world 3 Roemenië

21 April 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it ynsammeljen fan klean foar Roemenië. Minsken út Damwâld en omkriten bringe klean en mûtsen. Hy sjocht yn Roemenië dêr't it winter is, by in skoalle, in meubelfabryk, in bakkerij en op in ynternaat dêr't 250 bern mei in beheining wenje. Sybe is sels ek op it ynternaat. Ta beslút jout er it startsein fan in aksje mei help fan de skutterij yn Sleat.