Sybe over the world 2 Yndonezië

17 April 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn Sulawesi, ien fan de eilannen fan Yndonezië. Hy sjocht rysfjilden, tabaksblêden, iten op de merk en skoalbern. Hy krijt útlis oer it wenjen, begraffenisrituelen en toto-poppen. Sybe giet sels ek noch nei Sulawesi ta.