Sadwaande: It slokje

24 Oktober 2001

Dizze Sadwaande giet oer it slokje. We binne yn in kafee yn Warkum mei in testpanel fan twa jonge en twa âldere mannen, wat fine sy no lekker? We sjogge by tal fan Harkiten yn de drankkast en sjogge by Boomsma yn Snits hoe't se bearenburch meitsje en leare ek wat oer de skiednis fan dit famyljebedriuw. En we sjogge yn de wiskybar yn Starum. Floris hat in gat yn de merk fûn: drank mei ynsekten deryn.