Sadwaande: Undernimming fan it jier: de finale

25 Novimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer de finale fan de Fryske ûndernimming fan it jier. De trije nominearre bedriuwen, sportynstitút De Vries yn Ljouwert, blêdmuzyk- en opnamebedriuw De Haske op It Hearrenfean en boatebouwer Kuipers fan Wâldsein, steane yn de finale. Se presintearje har foar publyk en sjuery. Dy kiest De Haske as winner.