Sadwaande: Kleasters

31 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer kleasters. We sjogge by de trije susters fan de Goddelijke Voorzienigheid dy't noch yn Heech wenje, mar se sille fuort. De susters Agnes, Gemma en Tonia fertelle oer har deistich libben. Preester Henk Nota fertelt oer de skiednis fan it katolisisme yn Fryslân, se ha tal fan ûnderwiisynstellingen en fersoargingstehuzen opset. Sa ek it Antonius sikehûs yn Snits dat mei in erfenis boud is. En we sjogge by broeder Aquino yn Wolvegea, hy makket glês-yn-lead ruten. Hy is lid fan de Onze Lieve Vrouwe van zeven smarten congregatie. En prinses op learzens wachtet op in houlik mei de Hear.