Sadwaande: klaverblêd Hearrenfean, Fryske ekonomy, ljochtterapy

11 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it wurk oan it klaverblêd by It Hearrenfean dat de rotonde ferfangt en de trochstreaming ferbetteret. We sjogge by Anneke Zondervan dy't har winterdepresje bestriidt mei ljochtterapy en psychiater Titus van Oss leit dat út. Deputearre Gerard van Klaveren fertelt wat de provinsje docht op it mêd fan ekonomy en behâld fan natuer. En we sjogge by de bou fan in stielen skip by de skipswerf fan Gerard Kroes.