Sadwaande: Frysk

28 Oktober 1998

Dizze Sadwaande giet oer it Frysk en streektalen. Ingrid is yn Hylpen dêr't noch Hylpersk praat wurdt. We sjogge by it wurk fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, it wittenskiplik ynstitút makket ûnder oare it Grut Wurdboek fan de Fryske taal, docht ûndersyk nei skiednis en taalsosjologysk ûndersyk. We sjogge ek by de les Frysk op Magister Alvinus yn Snits en by in kursus fan de Afûk.