Sadwaande: FEC

29 Novimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer it FEC, it Frisian Expo Centre yn Ljouwert. De hallen binne mei elkoar 30.000 kante meter grut en binne bekend fan de feemerk, beurzen en de start fan de Alvestêdetocht. We hearre wat der allegear bart yn de hallen, prate mei de buorfrou en sjogge werom op de brân. Ek feekeaplju komme oan it wurd en de merkmaster fertelt wat syn wurk ynhâldt. Prinses op learzens betinkt wêr't de letters FEC foar stean kinne.