Sadwaande: DSW, dieet, nierdialyze (diel 3)

28 Jannewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it wurk op de sosjale wurkpleats fan DSW yn Ljouwert, we folgje wurknimmer Manolito. Ingrid freget har ôf wat it bêste dieet is en we sjogge wer by de nierdialyze (diel 3). Ek op it sosjale mêd ha pasjinten lêst fan de sykte, guon kinne net mear wurkje en ferlieze dêrtroch kontakten.