Sadwaande: donor, fytstrends en fleanbasis

15 April 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, de kwestje en de staazjerinner, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by in fytsesaak wat de nijste trends binne, lykas fytsen mei 'trapondersteuning', it giet oer donor-wêzen en Baukje Bakker fan Hylpen hat in nije nier krigen. Staazjerinner Arjen Reitsma sjocht by de Ljouwerter fleanbasis, hy wol piloat wurde.