Sadwaande: Argewaasje

05 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer argewaasje, wêr ergerje minsken har oan? Oan tal fan saken: hurdride op de dyk, hûnestront op strjitte. En hoe sit dat op it wurk? Dêr spylje saken as te lytse kantoarromte en kompjûterproblemen, we prate dêroer mei in organisaasjesaakkundige. Mar ek it ferkear of telefyzjeprogramma's soargje foar argewaasje. We sjogge ek op de redaksje fan de Leeuwarder Courant, wat dogge se mei de ynstjoerde brieven? We sjogge ek by ien fan de 'fêste' brieveskriuwers. En prinses op learzens hat in oplossing foar lûdsoerlêst.