Sadwaande: ambulânseferfier, bêdetest en frijwilliger (diel 1)

18 Febrewaris 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by de ambulânse, hoe sjocht dy derfan binnen út? En wat komt der allegear sjen by it keapjen fan in nij bêd? In fysioterapeut leit út wat in matras mei de rêch docht en we sjogge wat frijwilliger Tineke de Jager docht as gastfrou yn it Antonius sikehûs yn Snits, dat is diel ien fan in nije rige fan fjouwer ôfleveringen.