Sa seach ik Fryslân 8: Boud Smit

29 Maaie 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel acht Boud Smit. Hy makke films mei Fryslân as dekôr en as ûnderwerp. Hy kaam mei it Frysk yn de kunde nei it lêzen fan ''De smearlappen' fan Anne Wadman en hie it idee om dat boek te ferfilmjen, mar dat is der net fan kaam. We sjogge fragminten fan syn films, lykas de koarte film 'Eltse dei opnij' (1970) dy't er makke om de molkestaking yn de Twadde Wrâldoarloch te betinken. Ek makke er in spylfilm oer it libben fan Eise Eisinga, 'Klein bestel' út 1972, mei ûnder oare Jules en Hans Croiset as akteurs. Foar de NCRV makke er in jeugdsearje oer de toverlantearne. Yn 1974 makke er de film 'Een mond twee talen' oer de Fryske taal.