Prieslan Ada, ferhalen oer in fergetten leger

26 Septimber 1993

Trije âld-Ynjegongers fertelle oer de jierren dat se nei Ynje moasten, bedoeld om rjocht en feilichheid werom te bringen foar de bewenners, mar eins wisten de jonge jonges net rjocht wat der spile. Se ha der nei de tiid net mear oer praat. Klaas de Vries, âld-pelotonskommandant, Theunis de Vries, mariniersbrigade en Klaas Swart, hospitaalsoldaat, fertelle no oer wat se meimakke hawwe. Der binne argyfbylden en in foarljochtingsfilm te sjen en ek twa Ynjewegerers komme oan it wurd. Yn it Ljouwerter Rengerspark komt in monumint om alle 170 omkommen Friezen te betinken.