Normaal Oars

08 Novimber 1992

Yn dit programma sjogge we by de soarch fan ferstanlik beheinden. De lêste jierren is mear ynset op lytsskaligens, mear privacy en yntegraasje yn de maatskippij. We folgje Edzer van der Veen, bewenner fan Borneroord yn Beetstersweach. Dêr wurdt ynset op soarch op maat en it fergrutsjen fan de selsstannichheid. Hy hat in eigen keamer, mar yt mei de groep mei in begelieder. Syn wurk is post rûnbringe en we sjogge him ek yn de maneezje. Begelieders fan Borneroord fertelle oer har wurk. Ek sjogge we by Ria Ruysestein, se wennet yn in 'sosjowenning', selsstannich yn in gewoane wenwyk yn Beetstersweach.