Selskip Tetman de Vries: De tiid hâldt gjin skoft (diel 1)

23 Jannewaris 1994

Programma oer it revu- en kabaretselskip Tetman de Vries. Tsjip, Anne en Tsjikke (broer en susters) en de dochters fan Tetman, Leny Dijkstra en Anneke de Vries, fertelle oer har oantinkens. Tetman hie de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' skreaun, teksten en muzyk. It gie yn 1944 yn premjêre en is 1200 kear opfierd. En se ha ek foar de radio optreden. It selskip bestie út seis bern út ien muzikale húshâlding, 4 jonges en twa famkes. Yn de oarloch spilen se gewoan troch, mar eins moasten se lid wurde fan de Kulturkammer, mar dat ha se noait dien. Letter kamen ek oaren by it selskip, lykas Pyt van der Zee dy't ek de regy op him naam. Guon lieten út de foarstelling wurde opnij útfierd troch ûnder oare Rients Gratama en Leny Dijkstra.