No Wy: Fannacht

28 Septimber 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is de film Fannacht te sjen dy't in groep skoalbern út Jobbegea makke hat. It idee kaam fan Aaltsje Eijer dy't grut fan is fan musicals en in Fryske West Side Story meitsje woe, ek mei ferskes oerset yn it Frysk. Yn it ferhaal steane twa groepen tsjinoer elkoar: kakkers en hippys. In famke út de hippygroep hat ferkearing mei in jonge út de kakkergroep, mar dat is fansels geheim. Om út te meitsjen wa't de sterkste is, wurdt ôfpraat om in fjochtpartij te organisearjen om middernacht. Dat soe mei bleate hannen, mar der komme dochs messen oan te pas.