LTV Wat in wurk: De wykferpleechkundige

06 April 1989

Portret fan wykferpleechkundige Akkie van der Werf fan De Wylgen. We folgje har by har wurk by Groene Kruisvereniging Wynjewâld en omstreken. Se komt by de minsken thús om te helpen yn de fersoarging, lykas waskje en oanklaaie mar helpt ek by it spuitsjen fan ynsuline of fersoarging fan in wûne. Se helpt net inkeld âlde minsken dy't harsels net mear rêde kinne, lykas de 107-jierrige frou dy't mei har soan op in pleatske wennet, mar komt ek by jonge âlden oer de flier om by poppen de hylprik te setten. In oare taak is it wurk op it konsultaasjeburo en it jaan fan kursussen oan partikulieren oer bygelyks it tillen fan in pasjint. Kontakt mei de minsken fynt se moai yn har wurk, mar se fernimt wol dat der hieltyd mear wurk dien wurde moat, de wurkdruk nimt ta. Ek sjogge we by in learlinge fan it hbo-v en by lessen op de Bouhof yn Ljouwert.