LTV: Wat in wurk: De beamfersoarger

15 Oktober 1989

Maurits Zeinstra fan Friens is beamfersoarger. Mei syn reade ljedderauto, in eardere brânwachtwein út Berlyn, rydt er troch de provinsje. Hy komt by partikulieren, oan de dyk en yn de bosk. Meastentiids moat er achterstallich ûnderhâld dwaan, mar beammen kinne ek skea oprinne troch minsklik hanneljen lykas it tichtsmiten fan in feart wêrtroch de wetterhúshâlding net goed mear is. Undersikers besjogge de stân fan saken fan beammen troch mei in soarte fan termometer gegevens te sammeljen.