LTV: Nij lân, âlde grûn diel 1

20 Oktober 1996

Earst diel fan in trijelûk oer Fryske boeren op syk nei in nije takomst yn de eardere DDR. Mei hege rentesubsydzjes, EEG-preemjes en lege pachtprizen waarden de nije boeren ynhelle. Yn de measte gefallen waard der in grutskalich kollektyf lânboubedriuw oernommen, in saneamde "landwirtschäftlichen Produktiongenossenschaft" (LPG).It soe de measten net tafalle: "As ik witten hie wat ik no wit, wie ik der noait oan begûn", seit Willem Breitsma, Fryske boer yn it East-Dútse Dahnsdorf. Dizze ôflevering giet oer Piet Sake de Boer en Ria Kamminga yn Brädikow.