LTV Boer en soarch

26 Maaie 2002

In dokumintêre oer fjouwer Fryske soarchbuorkerijen. Dy pleatsen kombinearje it buorkjen mei soarch. Sa komme by de famylje De Vries yn Oentsjerk yn it wykein ferstanlik handikapten útfanhûs. Alderen en ferpleechhûsbewenners fan it Skewiel út Oentsjerk en Nieuw Toutenburg út Burgum 'helpe' Tom Krol yn Droegeham twa middeis yn 'e wike op syn ekologyske buorkerij. Sjoerd de Hoop fan de Lytse Jouwer biedt wurkûnderfining oan in WAO'er en in learling fan it bysûnder ûnderwiis. Jongeren dy't 'moeilijk plaatsbaar' binne, krije in plakje by De Pleats út Himpens. De oanlieding foar it programma is de útrikking fan de Je Maintaindrai-priis oan de famylje De Vries yn Oentsjerk.