It Petear: Pieter Verhoeff

31 Jannewaris 1995

Bouke Oldenhof ynterviewt de Fryske filmregisseur Pieter Verhoeff, koart nei't er syn debút makke hat as toanielregisseur foar it stik Suiker fan Hugo Claus troch it Noord Nederlands Toneel.

It Petear wie it earste ynterviewprogramma op de Fryske telefyzje dêr't min of mear bekende Friezen oan tafel skoden by presintatoren Klaas Jansma en Bouke Oldenhof. Sy praten wykliks om bar mei de studiogast oer syn of har libben yn de polityk, de teater- of muzykwrâld, de tsjerke, de literatuer, de Fryske sporten of it bedriuwslibben. It programma wie fan febrewaris 1994 ôf trije jier lang op Omrop Fryslân te sjen en hjitte earst Yn Petear Mei, letter waard dat It Petear. Meiïnoar kamen der 136 gasten nei de Fryske studio foar in persoanlik fraachpetear.