It Halbertsmafabryk yn Grou

01 Maart 1992

De skiednis fan it houtsjefabryk yn Grou stiet sintraal, it Halbertsmafabryk is in begryp yn it doarp. De fjirde broer fan de ferneamde bruorren Halbertsma (Joast, Eeltsje en Tsjalling) Binnert Hidde rjochte it fabryk op yn 1891. It bestiet noch altyd, en makket no pallets en doarren. Ald-boargemaster Kees Vrijling giet yn op de skiednis en trije âld-meiwurkers sjogge werom. Halbertsma wie ek sosjaal-maatskiplik belutsen. Nei de oarloch wie it fabryk sels in foarbyld foar de Wederopbouw. Der wienen ek djiptepunten; yn 1960 baarnde de houtwerf ôf. Troch it programma binne tal fan argyfbylden te sjen, net inkeld fan it fabryk, mar ek fan it doarp lykas Sint-Piter en silerij.