It Fryslân fan Pieter Verhoeff: Dettes memmetaal

29 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Pieter Verhoeff giet it oer 'Dettes Memmetaal', mei in portret fan teätermakster Dette Glashouwer fan Hylpen. Se fertelt oer har jeugd, yn in kristlik fermidden, praat yn it Hylpersk mei har mem, en oer de foarstellingen dy't se makke hat.