Hjoed: Fryslân 500, de offisjele betinking

20 Juny 1998

Yn Hjoed fan 20 juny 1998 is de offisjele betinking fan Fryslân 500 te sjen. Dat wie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert yn bywêzen fan prinsesse Margriet. Kommissaris Loek Hermans faget de flier oan mei de minsken dy't krityk ha op Fryslân 500. Fryske organisaasje boykotte de betinking. Neffens Hermans is 1498 in kearpunt yn de skiednis en hat it de basis lein foar ús bestjoersfoarm. Yn de dêropfolgjende reportaazje is te sjen dat oan de oprop om te flagjen net folle gehoar jûn is. Yn Bitgum wapperet de swarte flagge oan de tsjerketoer, in inisjatyf fan de koster. De FNP hat krityk op de taspraak fan Hermans en professor Feitsma fynt dat skiednis oan de histoarisy oerlitten wurde moat.