Hjoed: Aaipop 13 april 1998

13 April 1998

Mear as 2500 minsken binne op dit stuit by Aaipop. En dat binne der sa'n 500 mear as oare jierren. Foar de 12e kear organisearret de stichting Aaipop op peaskemoandei in folslein Frysktalich popfestival yn Nijlân. Mei 18 bands en artysten. Nij talint mar ek bekenden. De Mande yn Nijlân is dizze dei in muzyksupermerk dêr't op fjouwer ferskillende poadia hast alle muzykgenre's brocht wurde dy't mar te betinken binne. Fan punk, funk rock en pop oant bigband en harksankjes fan fryske trûbadoers. It programma is fan 'e middei om twa oere begûn en duorret oant 10 oere jûn.