Graldastate nei de brân

26 Desimber 1993

By in brân yn appartemintekompleks Graldastata yn Menaam, dêr't benammen âlderen wenje, binne trije minsken omkaam. We sjogge mei bewenners werom op de brân dy't in soad impact hie, guon koenen amper wat meinimme. Se moasten op syk nei oare wenromte en misse har meibewenners.