Fryslân yn de lêste oarloch 2: In Joadsk jonkje op It Bilt

15 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel twa komt Isaäc Lipschits oan it wurd. Hy kaam as 12-jierrige Joadske ûnderdûker yn 1943 by de famylje Balt op de pleats oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik. Hy kaam fan Rotterdam dêr't syn famylje de Joadestjer drage moast. It wie feiliger om ûnder te dûken en fia fia kaam er yn Fryslân telâne. As stedsjonge moast er no meihelpe op de pleats. Hy krige in oare namme, Cornelis de Boer, en gie sa ek nei skoalle. Trije soannen fan de famylje Balt, Kees, Jan en Thys, fertelle oer hoe't dat gie dat se in frjemd bern derby krigen. Nei de oarloch gienen se elk har eigen paad, mar no treffe de mannen elkoar wer.