Fjetnameeske Feansters

11 Oktober 1992

Yn dit programma sjogge we hoe't in groep Fjetnameeske flechtlingen him op It Hearrenfean fêstige hat. Se kamen yn de jierren 70 en 80 as boatflechtlingen nei Nederlân. Hoe ha se har rêde kinnen mei taal, wurk en wenjen? Ferskate Fjetnamezen fertelle deroer. Ien hat in loempiakream, in oar wurket yn in fabryk en wer in oar yn in fiskfilearderij. Ek sjogge we by it Arbeidsbureau dat bemiddele by it finen fan wurk. De soan fan ien fan de portrettearren is al aardich ynboargere en hat wolris wat wûn by it keatsen.