Fan in bettere nei in oare wrâld

28 Novimber 2004

Programmamakker Johan van der Zee makke de dokumintêre oer de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Dy is yn 1948 oprjochte om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen en te stribjen nei in bettere wrâld. We sjogge bylden fan earder en prate mei oprjochter Harm Scheffer, âld-direkteur Betze Stienstra en de hjoeddeiske direkteur Klaske Jaspers oer de feroaringen fan it kursusoanbod en it feroare plak fan de Folkshegeskoalle yn de rin fan de tiid. Fierder binne der bylden te sjen fan ferskate kursussen lykas byldhouwe yn de bosk, oerdûnsje oan see, stoomkursus Frysk foar net-Frysktaligen, simmerkampen foar jongerein en wat oer flinters. Yn 2003 wie der in diskusje oer watfoar kant oft it ynstitút út moast, mear in plak foar minderheden?