De Opbou 2: Famkes fan Philips

17 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit twadde diel giet it oer de famkes dy't by Philips kamen te wurkjen. In promoasjefilm lit sjen dat de jonge froulju net automatysk yn it boerebedriuw wurkje mar rûnom wei mei de bus nei Drachten geane. Dêr wurde se test en ynwurke oan de rinnende bân om skearapparaten yn elkoar te setten. Mei fjouwer wurknimmers fan doe sjogge we werom op har tiid doe en wat it wurk no ynhâldt. Philips fersoarge ek kursussen, lykas naaie en itensiede, foar de froulju. De measte froulju hâlden op mei wurkjen as se trouden. Ek sjogge we werom mei de maatskiplik wurkster, direkteur, haad sosjale saken en ûnderbaas fan doe.