De Nije Moanne: Monumint en soarch

13 Septimber 1992

By it MiP-projekt binne yn alle gemeenten ynventarisaasjes makke fan bysûndere gebouwen, dat binne yn totaal 8.5000. Sa'n tsien prosint dêrfan kin mooglik in monumint wurde. Meiwurkers fan de provinsje geane by de objekten del, lykas in âld boerespul yn Hoarnstersweach. Dêr is santich jier neat oan feroare. En in betonnen útkyktoer út 1924,dy't slim fertutearze is. Ek de tsjerke fan Britsum is oan renovaasje ta. Restaurateurs sjogge we oan it wurk, mar der is te min jild noch. En we sjogge yn Ljouwert: wat te dwaan by nijbou tusken monumintale gebouwen? De kommisje Hûs en Hiem hâldt him dêr mei dwaande.