De Nije Moanne: Joop Mulder - kapitein Oerol

07 Juny 1992

Programma oer Joop Mulder, betinker en man achter it teäterfestival Oerol op Skylge. We folgje him yn de tariedingen, op kantoar en op syk nei lokaasjes op it eilân. Ek artysten komme oan it wurd en der binne ferskate fragminten út eardere foarstellingen en strjitartysten te sjen.