De grize takomst, diel twa

31 Maaie 1992

Yn in twalûk sjogge we nei âlderein. Der komme hieltyd mear âlde minsken en se bliuwe ek hieltyd langer thús wenjen. Dêr krije se help fan de wykfersoarchster, we folgje Janny Gorter yn har wurk. Se helpt de minsken thús mei oanklaaie, waskje en hoazzen oandwaan. It tsjinstesintrum yn Menaam docht in soad foar âlderein. Neist aktiviteiten en foarljochting meitsje se ek alle dagen 1000 mielen klear dy't kuolfarsk rûnbrocht wurde. It PIOL, project intensieve ondersteuning Leeuwarden, leveret spesjalistyske soarch oan hûs. Sa kinne minsken bygelyks yn in fersoargingshûs sliepe en moarns wer nei hûs. We sjogge ek yn twa fersoargingstehûzen, De Hofwijck en Abbingahiem yn Ljouwert, en prate mei it personiel oer de soarch.