Bûtenlânsk leauwen

18 Oktober 1992

Yn dit programma komme trije soarten fan bûtenlânsk leauwen oan de oarder. We sjogge by in Turkske man en frou op It Hearrenfean dy't islamitysk binne. De man bidt freedtemiddei yn de moskee, de frou docht dat nei wurktiid thús. Op it wurk hat se gjin holdoek om, thús wol. Twa Amerikaanske jonges geane de doarren del as sindeling om te fertellen oer har tsjerke, Jezus Christus van de heiligen van de laatste dagen. It komt oarspronklik út Salt Lake City dêr't ek in hiel grut famylje-argyf is. We sjogge ek by in tsjinst yn Ljouwert. Ta beslút sjogge we by it Hindoestaanske leauwen, dy't mei in feest fan trije dagen de god Bhagavad Gita earje. Der wurdt in timpel boud en der is in soad iten.