Blaugers of Ingelsk Raai

17 Oktober 1993

Yn dit programma komme twa tsjinstelde belangen oan de oarder: de boer tsjin de biolooch, oftewol de lânbou tsjin de natuer. Oanlieding is it plan de blauwe sône by de Alde Feanen, om fan lânbougrûn natuer te meitsjen. We hearre boer Klaas de Groot en Ultsje Hosper fan It Fryske Gea. Dy feriening hat besocht de bou fan 300 bungalows op rekreaasjepark It Wiid by Earnewâld tsjin te hâlden.