6 Gymnasium diel 4

28 Juny 2005

De lêste ôflevering fan 6 Gymnasium stiet hielendal yn it teken fan de eksamens en wat dêrnei komt. Der binne noch hieltyd guon dy't net witte wat se hjirnei dwaan wolle. Sa hat Roos bygelyks al in keamer yn Grins, mar se hat noch gjin stúdzje fûn. Op 16 juny rint de spanning heech op as de direkteur om healwei fiven binnenkomt mei de eksamenútslaggen.