Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MINSKELIBBEN_8_JAN_MURK_171099_WR2

In Minskelibben: Jan Murk de Vries

17 Oktober 1999

Geart de Vries praat mei keunstner Jan Murk de Vries yn syn atelier oer syn libben en wurk. De yn 1919 berne Boalserter wurke in soad yn opdracht, grutte ruten, mar makke ek frij wurk, skilderijen. Mei it each op syn kommende 80ste jierdei sjocht er werom op syn libben.

LTV_Titus-Brandsma-1881-1942_WR

Titus Brandsma 1881-1942

30 Desimber 2008

Dokumintêre oer Titus Brandsma (1881-1942). Hy wie pater by de karmeliten, heechlearaar, publisist en fersetsstrider. Hy waard ombrocht yn in konsintraasjekamp. Gryt van Duinen prate û.o. mei Ton Crijnen dy't in boek oer Titus Brandsma skreau. Yn 2022 waard Brandsma hillich ferklearre.

De dei foar de tocht #1

De dei foar de tocht #1

03 Jannewaris 1997

Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: de drokte yn it FEC, de kjeld, de plysje, de favoriten fan de wedstrydtocht en skiedend rayonhaad Visser.